Frysk Bieren Diner yn de Wike fan it Nederlânske Bier

© ANP XTRA
Yn Fryslân wurdt yn de Wike fan it Nederlânske Bier in grut Frysk Bieren Diner hâlden. Fan 19 oant en mei 29 maaie wurde rûnom yn de provinsje diners organisearre wêrby't typysk Fryske bieren dronken wurde kinne by it iten. Restaurants meitsje iten klear dat neffens harren presys past by de Fryske spesjaalbieren.
It is foar it earst dat der sa'n grut evenemint organisearre wurdt foar de ferskate Fryske bieren. Yn Fryslân binne fjirtjin Fryske bierbrouwers aktyf.
Op de Facebookside fan de organisaasje wurdt de kommende wiken bekend hokker restaurants meidogge.