KH2018 set adviseur yn om lokale kultuer te beskermjen

02 maaie 2016 - 19:56

Lokale kultuerorganisaasjes meie net te lijen ha fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat sei artistyk lieder en direkteur Lieven Bertels moandeitejûn yn Bynt op Omrop Fryslân. Hy reagearre op krityk út de mienskip dat bygelyks de lokale muzykskoalle ticht moat, wylst Kulturele Haadstêd miljoenen krijt. De organisaasje fan KH2018 hat dêrom in adviseur oanlutsen dy't helpe kin om dizze krityk de baas te wurden.

"Deze kritiek is niet uniek voor Fryslân. Dit heeft elke culturele hoofdstad, want je kunt elke euro immers maar één keer uitgeven", sa seit Bertels. Neffens him is it net de bedoeling dat de besteande kulturele ynfrastruktuer kapot makke wurdt. "Het is belangrijk dat er een goed evenwicht komt tussen cultuur op de lange en de korte termijn."

Adviseur

De nije adviseur moat de organisaasje helpe dit lykwicht te finen. "De kritiek van cultureel Fryslân is gedeeltelijk terecht. Onze adviseur Robert Palmer uit Schotland heeft ervaring bij twee andere culturele hoofdsteden. Hij adviseert ons hoe we er voor kunnen zorgen dat Kulturele Haadstêd geen eenmalig feestje wordt."

Jild

Koartlyn waard de begrutting fan Kulturele Haadstêd noch bysteld fan 40 nei 26,3 miljoen. As gefolch hjirfan binne programma-ûnderdielen skrast. En dêr leit Bertels wolris wekker fan, mar dochs makket hy him ek wer net tefolle soargen. "Financieel staan we op scherp. De kern van het programma staat ook al en we zijn er gerust op dat we dit kunnen."

Pikefel

Bertels sjocht de takomst fleurich temjitte. "We zitten redelijk goed op schema en we kunnen er gerust op zijn dat we dit kunnen." Friezen en oare besikers fan Kulturele Haadstêd meie wat him oanbelanget dan ek rekkenje op pikefel. "Zet je maar schrap. De opening wordt één groot kippenvelmoment, dus zet 27 januari 2018 alvast maar in je agenda."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)