FNP: "Fryslân moat in TTIP-frije sône wurde"

Fryslân moat in TTIP-frije sône wurde. Dat fynt de FNP. It hannelsakkoart hat negative konsekwinsjes foar de lokale en regionale demokrasy, seit steatelid Sybren Posthumus fan de FNP, omdat grutte bedriuwen privileezjes krije dy't se no net hawwe.
Sa soene se de gaswinning by Top en Twel trochsette kinne, sels as de oerheid dat net hawwe wol. Posthumus hat dêr moandei in ynstjoerd stik oer skreaun yn de Ljouwerter Krante.
Greenpeace hat moandei geheime stikken iepenbier makke dêr't út bliken docht dat it swier keallet mei de ûnderhannelingen tusken Europa en Amearika, en dat kin de druk op de ûnderhannelers wolris opfiere, seit Posthumus.