Kolleksjesintrum wurdt nije wike offisjeel iepene

02 maaie 2016 - 18:06

It Kolleksjesintrum Fryslân yn Ljouwert wurdt nije wike tongersdei 12 maaie offisjeel iepene. Fiif Fryske ynstellingen beheare tenei harren kolleksje yn dit nagelnije keunstdepot. It giet om it Fries Museum, Tresoar, Natuurmuseum Fryslân, it Fries Scheepvaart Museum en it Frysk Lânboumuseum.

Deputearre Sietske Poepjes sil de offisjele iepening dwaan, tegearre mei de foarsitter fan it depot, Meine Scheweer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)