Autorider (25) jaget troch Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde

02 maaie 2016 - 17:12

In 25-jierrige autobestjoerder is moandeitemiddei beboete foar gefaarlik riden. Neffens tsjûgen ried de man mei grutte gong troch Aldeholtwâlde en Nijeholtwâlde en helle er gefaarlik yn. Tsjinlizzers warskôgen de man troch te seinen en skeakelen de plysje yn.

In motorrider fan de plysje hat de hurdrider oanhâlden. Hy krige in boete en moat ynkoarten in ferkearskursus dwaan by it CBR. De plysje siket de bestjoerders fan in frachtauto en in lesauto dy't de plysje warskôgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)