Ferbou V&D set tiisdei útein: ZARA moat ein 2016 iepen

02 maaie 2016 - 16:32

It âlde V&D gebou yn Ljouwert wurdt fan tiisdei ôf ferboud. Der komt in ZARA-winkel yn it gebou. Sawol it ynterieur as de bûtengevel wurde folslein opnij ûntwikkele. It ûntwerp foar de nije winkel komt fan it ferneamde arsjitekteburo 'De Architekten Cie'.

De nije winkel moat oan de ein fan it jier iepengean, foar it begjin fan de feestdagen yn desimber.

"De komst van ZARA in Leeuwarden draagt sterk bij aan de verbetering van de retailmix in het winkellandschap in Leeuwarden. Dit is een van de prioriteiten die we hebben gesteld bij het zoeken van een nieuwe huurder voor deze a-locatie", sa seit Rick Eertink, de fund manager fan it fêstgoedfûns dat it gebou oan de Nijstêd yn Ljouwert yn syn besit hat.

Trefwurden: 
ferbou V&D ZARA Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)