Disko Quatrebras tydlik ticht

Diskoteek Quatrebras yn Noardburgum is tydlik ticht. Neffens kurator Romana Bremer gebeurt dit, om't it fallisemint no offisjeel is. Der wurdt no socht nei in nije útbater. Yn'e tuskentiid moatte der sa min mooglik kosten makke wurde en bliuwt de diskoteek ticht.
Neffens de kurator is der wol ynteresse om Quatrebras oer te nimmem. De foarige eigner fan de disko wie Wim Beintema fan Dokkum, de man dy't fjouwer jier lyn in pear miljoen wûn yn in kasino, mar dat jild foar in grut part kwyt is. Hy is koart lyn fallyt ferklearre.