Nije site Frysk filmargyf

26 apr 2012 - 14:04

It Fries Film Archief hat mei yngong fan tongersdei in nije webside mei neist goed seistûzen films en fideo's ek nijs- en achtergrûnynformaasje oer it filmargyf en oer de skiednis fan de film yn Fryslân. Fierders is der in webshop dêr't materiaal besteld wurde kin. Meikoarten wurde ek de websiden fan de filmhuzen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits presintearre.

It Fries Film Archief is it âldste regionale argyf fan Nederlân. Takom jier is it 25-jierrich jubileum.

Trefwurden: 
filmargyf Frysk Filmargyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)