Oppakt foar besykjen ynbraak

Europaplein © Google Street View
Yn Ljouwert is woansdei in jonge fan 14 jier út Sint Anne oanhâlden omdat er besocht yn te brekken. Tsjûgen hiene de jonge mei twa maten sjoen by in flat oan it Europaplein en se fertrouden de saak net. Doe't se seagen dat ien troch in rút in hûs yn soe, seine se dêr wat fan.
De jonges naaiden hurd út en de tsjûgen giene der achteroan. Dy tsjûgen hiene de plysje ek belle. Dy koe ien fan de jonges oanhâlde en meinimme nei it plysjeburo.