Oplicht by ynternetbankieren

26 apr 2012 - 10:39

In man út Snits en in frou út 'e gemeente Dantumadiel binne foar in bedrach fan mei-elkoar mear as 10.000 euro oplicht. Kriminelen hawwe harren bankgegevens achterhelle en jild fan de rekken ôfskreaun.

De man út Snits waard by it telebankieren oant twa kear ta om syn ynlochkoade frege. De frou út Dantumadiel waard belle troch in sabeare meiwurkster fan in bank dy't har ynlochkoades witte woe. Banken freegje nea oer de telefoan of oer de mail om dy gegevens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)