Accell nimt Raleigh Cycle oer

Accell Group © Omrop Fryslân
Fytsefabrykant Accell Group op It Hearrenfean hat Raleigh Cycle Limited oernommen foar in bedrach fan 60 miljoen euro. De oername moat noch wol goedkard wurde troch de Dútske mededingingsautoriteiten en dat sil nei alle gedachten ein maaie plakfine. Begjin april waard der al in yntinsjeferklearring tekene tusken de Accell Groep en Raleigh. Dit bedriuw makket al 125 jier fytsen en hat fabriken yn Ingelân, de Feriene Steaten en Kanada. Der wurkje sa'n 430 minsken en der waarden ferline jier sa'n 850.000 fytsen ferkocht.