Supportersferiening Cambuur wol yn petear mei de direksje

It bestjoer fan supportersferiening 'Kern van Cambuur' wol nei de degradaasje út de earedifyzje sa gau as mooglik mei it bestjoer fan de fuotbalklup om tafel om te praten oer de takomst fan de klup. Dêrby komt ek de posysje fan technysk direkteur Henry van der Vegt, ferantwurdlik foar de oankeapen fan Cambuur, ter sprake.
In petysje fan supporters tsjin Van der Vegt is al mear as 2000 kear tekene. Foarsitter Maarten van Tuinen fan de supportersferiening neamt de petysje wol te begripen.