Bibleteken NE-Fryslân ticht

25 apr 2012 - 19:07

Fjouwer bibleteken yn Noardeast-Fryslân gean ticht nei in reorganisaasje fan it bibleteekwurk yn de streek. De fiif oanbelangjende gemeenten en de bibleteekdireksje hawwe dêrfoar in plan betocht. Der moat flink besunige wurde op de bibleteken. Dat betsjut dat mei minder personiel wurke wurdt.

Kwalitatyf goeie kolleksjes boeken wurde op minder plakken as no konsintrearre. Dat betsjut dat de bibleteek fan Feanwâlden takom jier tichtgiet, dy fan Damwâld yn 2015 en dy yn Kollumersweach op 24 april al.

Yn Ferwerderadiel ferdwynt de biblioteek út Hallum. Wol bliuwt der op alle skoallen in soarte fan bibleteek. It plan moat noch wol troch de gemeenterieden goedkard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)