Antoinette de Jong ferlinget kontrakt by Justlease.nl

Antoinette fiert har kampioenskip mei har heit en mem © awfoto.nl
Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat har kontrakt by Justlease.nl ferlinge. Se bliuwt ek de kommende twa jier by de ploech fan Ireen Wüst. Dat makke Justlease.nl moandei bekend.
Ek meldt it team dat Jan Blokhuissen him by harren oanslút. Dêrneist wurdt Wouter Olde Heuvel, oant ferline jier ploechgenoat fan Sven Kramer, assistint-trainer fan Justlease.nl.