Rykswettersteat docht needreparaasje oan brêge Skûlenboarch

02 maaie 2016 - 11:25

Rykswettersteat pleatst moandei en tiisdei trije stielen peallen achter it remmingswurk fan de brêge fan Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal by Jistrum. It giet om in needmaatregel. Begjin april rekke de brêge swier skansearre nei in oanfarring. Mei it pleatsen fan de peallen kin de brêge yn alle gefallen wer folslein iepen. Begjin fan de simmer wurdt it remmingswurk sels ferfongen.

Sûnt de oanfarring is de ûndertrochgong oan de noardkant stremd foar skippen dy't fanút Grins wei komme. De súdlike ûndertrochgong kin wol gewoan iepen.

Dit betsjut dat der mar ien skip tagelyk ûnder de brêge troch kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)