Spesjalist bûcht him oer rasisme-oanjefte fan Pernelly Biya

02 maaie 2016 - 11:04

It Iepenbier Ministearje (IM) yn East-Nederlân hat de oanjefte fan VVOG-spiler Pernelly Biya oerdroegen oan it IM yn Noard-Nederlân. In spesjalist yn diskrimaasjesaken bûcht him no oer de oanjefte om te bepalen wat justysje mei de oanjefte dwaan sil.

Biya die begjin maart oanjefte fan diskriminaasje, nei't in taskôger ûnder de wedstriid tsjin Harkemase Boys op sportpark De Bosk apelûden nei him makke. De saak makke lanlik in soad reaksjes los. De taskôger mei fan it fuotbalbûn KNVB fiif moannen lang net op in fuotbalfjild komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)