Sikehûs Nij Smellinghe dielt 'Memory Boxen' út

© Stichting Phéron
It Drachtster sikehûs Nij Smellinghe is ien fan de tolve sikehûzen yn Nederlân dy't meidocht oan in pilot fan de stichting Phéron. Dy dielt Memory Boxen út oan âlden wêrfan't de poppe ûnder de swangerskip of befalling ferstoarn is.
Yn de doazen fan Phéron sit guod dat âlden stypje kin by it ferwurkjen fan it ferlies. It kin gean om in dichtbondel, in lok hier fan de poppe of in kearske. Yn de doaze sit ek in kaart mei tips dêr't âlden oan tinke moatte yn de wike fan it ôfskied.