Boalsert fiert earste offisjele oerdekte iepenloftspul op

© Petra de Wijn
Yn Boalsert wurdt dizze moanne yn de Broeretsjerke it earste offisjele oerdekte iepenloftspul opfierd. It giet om it stik 'Romeo en Julia... mar dan oars'. It wurdt in âld toanielstik yn in modern jaske.
Offisjeel hjit it stik 'Fan leafde en balkons', mar it is yn it Frysk oersetten troch Gerda van der Wijk. It stik wurdt spile troch de Fryske Krite Boalsert ûnder rezjy fan Hindrik Heerschop. Der dogge ek in flink oantal jongeren oan mei. De foarstellings binne op 25 oant en mei 28 maaie.
Op sneontemiddei is der in spesjale foarstelling foar de âlderein.