Golfclub Ljouwert siket gearwurking mei oare ferienings

02 maaie 2016 - 09:50

De Ljouwerter golfclub De Groene Ster is driuwend op syk nei nije leden. De ôfrûne jierren is it ledetal sakke fan 900 nei 700 en dêrom wurdt wurke oan in plan om mear leden te lûken. Sa sil de feriening yntinsyf gearwurkje mei de golfclubs fan Veendam, Havelte en Zwolle.

De leden fan de fjouwer ferienings kinne tenei fergees op alle banen golve en dielnimme oan wedstriden. Op bestjoerlik mêd wurdt kennis útwiksele oer de golfsport, it organisearjen fan eveneminten en it behearen fan golfakkommodaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)