UPDATE: Fjouwer auto's botse op de Ofslútdyk
Fjouwer auto's binne moandeitemoarn op de Ofslútdyk op mekoar botst. It ûngelok barde tusken Surch en Breesândyk, yn de rjochting fan Noard-Hollân. Troch de botsing hat ien rydstrook in skoft ôfsletten west, meldt de Ferkearsynformaasjetsjinst. Ferkear moast dêrtroch rekken hâlde mei fertraging.
Oft der minsken ferwûne rekke binne, is noch net bekend.