Cambuur-trainer Keizer: Heel erg teleurgesteld

01 maaie 2016 - 20:14

Troch it 6-2 ferlies fan SC Cambuur tsjin PSV degradearje de Ljouwerters nei trije seizoenen út de earedifyzje. Trainer Marcel Keizer neamt de degradaasje "heel erg teleurstellend". Neffens Keizer ha de spilers striden foar wa't se wurdich wiene, en dat wie net genôch om yn de earedifyzje te bliuwen.

By de trainer en de spilers oerhearsket in sombere stimming. "Er heerst een stemming die hoort bij een team dat wel alles geeft, maar waar het gewoon niet lukt", sa seit Keizer. "Dan is iedereen hartstikke teleurgesteld en dat voelt klote."

Jupiler League

Folgjend seizoen sil Cambuur it yn de Jupiler League sjen litte moatte. Neffens Keizer is Cambuur in klup dy't kwa begrutting ûnderoan yn de earedifyzje en boppe-oan yn de Jupiler Leage thúsheart. Hy wol sa gau mooglik wer promovearje nei de earedifyzje. "Wy willen zo snel mogelijk terugkomen, want de eredivisie is gewoon hartstikke mooi", sa seit Keizer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)