Lêste thúswedstriid wie "bysûnder" foar Foppe de Haan

De wedstriid tsjin FC Grins wie in bysûndere foar Hearrenfean-trainer Foppe de Haan. It wie de lêste thúswedstriid foar De Haan yn it Abe Lenstra Stadion. De spilers binne der net yn slagge om de 72-jierrige trainer in winnend ôfskie te jaan foar it thúspublyk. De Feansters ferlearen de derby fan it noarden mei 2-1 fan FC Grins.
De lêste thúswedstriid fan it seizoen én syn trainerskarriêre, die De Haan wol wat. "It wie in bysûndere dei. Je libje der nei ta. Ik fûn it hiel moai. Ik hie leaver wûn, mar dêr sille wy it net oer ha."
Ek de sfearaksjes fan de supporters fûn De Haan bysûnder: "Ik fûn de sfear, it rûntsje en line-up mei de lytse bern hartstikkene moai", sei De Haan. Takom wike sit de trainerskarriêre fan Foppe de Haan der echt op, as SC Hearrenfean it seizoen ofslút mei in útwedstriid tsjin ADO Den Haag.
Pelé van Anholt
Der waard snein ôfskied naam fan Pelé van Anholt. It kontrakt fan de Boalserter ferdigener wurdt net ferlingd. Hy spilet folgjend seizoen dus net mear foar Hearrenfean. Van Anholt is wol fan plan de prestaasjes fan Hearrenfean folgjen te bliuwen. "Als ik tijd heb, dan probeer ik een wedstrijdje te kijken', sa seit Van Anholt. It is noch net dúdlik wêr't er folgjend seizoen fuotballet.