VVD Ljouwert: Foarrang foar lokale ûndernimmers

01 maaie 2016 - 17:16

De VVD-fraksje yn de gemeente Ljouwert hat fragen steld oan it kolleezje om in ynkeap-database yn te stellen foar lokale ûndernimmers. Yn Nederlân komme neffens de VVD hieltyd mear inisjativen wêrby't gemeenten it foar lokale ûndernimmers makliker meitsje om tsjinsten oan te bieden oan de gemeente.

By in ûnderhânske oanbesteging docht de gemeente dan earst in berop op de database mei lokale ûndernimmers. De VVD wol witte oft de gemeente Ljouwert hjir ek wat yn sjocht en sa ja wannear dit dan in ynfolling krije kin.

Trefwurden: 
VVD ûndernimmers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)