Snits Wyt Swart kin net stunte tsjin TEC

01 maaie 2016 - 16:19

Snits Wyt Swart hat snein yn de topklasse net stunte kinnen tsjin TEC. De Snitsers ferlearen yn it Gelderske Tiel mei 2-0. TEC krige yn de begjinfaze de earste grutte kâns fan de wedstriid, mar Kurtley de Windt skeat op 'e latte. Nei goed in healoere makke TEC de earste goal. Sven van Ingen koe in foarset binnenkoppe en sette Snits Wyt Swart op in 1-0 efterstân. De Windt ferdûbele de skoare twa minuten letter foar TEC. Nei it skoft koene beide ploegen net in soad mear sjen litte, wêrtroch de 2-0 nei 90 minuten op it skoareboerd stean bleau.

Troch de nederlaach bliuwt Snits Wyt Swart op it fyftjinde plak stean. Dat plak betsjut dat de Snitsers neikompetysje spylje moatte om degradaasje út 'e topklasse te foarkommen. De efterstân op it feilige fjirtjinde plak is trije punten. Der binne noch twa wedstriden te spyljen.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)