Stânbyld Abe Lenstra ferve troch supporters út Grins

Byld Abe Lenstra begriemd © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
It stânbyld fan Abe Lenstra op It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein grien-wyt ferve. Supporters fan FC Groningen hawwe dat dien mei it each op de wedstriid fan sneintemiddei tusken SC Hearrenfean en Grins. Sneintemoarn is de ferve wer fan it stânbyld ôfhelle.
De wedstriid tusken SC Hearrenfean en FC Groningen is sneintemiddei live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.