Metalfestival Dokk'em Open Air siket Fryske iepeningsband

01 maaie 2016 - 12:55

Metalfestival Dokk'em Open Air is op syk nei in Fryske iepeningsband. Neffens tradysje wurdt it festival iepene troch muzikaal talint fan eigen boaiem. Fryske bands út it metal-, hardrock of hardcore sjenre, dy't graach op Dokk'em Open Air spylje wolle, kinne foar 15 maaie in mail stjoere. De programmeur fan it festival sil mei in oantal oare saakkundigen in kar meitsje.

Dokk'em Open Air wurdt holden op 24 en 25 juny. Oare bands op it festival binne ûnder oaren Testament, Doro, Soilwurk en Moonspell.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)