Drankrider ferstoppet him ûnder syn bed nei oanriding

© ANP
De plysje hat sneontejûn in 33-jierrige drankrider út de gemeente Ljouwert oppakt. Aginten krigen in melding fan in iensidige oanriding op de Wergeasterdyk. Doe't de plysjes te plak kamen, wie de byrider fan de auto noch wol oanwêzich, mar de bestjoerder net. Nei petearen die bliken dat de automobilist him thús ûnder syn bêd ferstoppe hie.
De plysje hat de man oppakt. Nei in blaastest die bliken dat de man tefolle alkohol dronken hie. De plysje hat de man heard foar it ferlitten fan it plak fan it ûngelok en it riden ûnder ynfloed. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en sil in ferplichte kursus folgje moatte.