Plysje hellet twa rinnende froulju fan de autodyk
De plysje hat sneontejûn twa froulju fan de autodyk helle. Meardere automobilisten hienen de plysje meld dat de froulju op it stik dyk tusken Grins en Drachten rûnen. Se rûnen net op de dyk sels, mar op de flechtstrook. Ien frou hie in rêchsek om en de oare frou hie ek bepakking by har.
It is net bekend om wa't it giet en wat de froulju dêr dienen.
It is net bekend om wa't it giet en wat de froulju dêr dienen.