Comeniuslearlingen binne tefreden oer robotwedstriid

De fiif learlingen fan Comenius yn Ljouwert ha sneon op dei trije fan it grutte Lego-spektakel
de robotwedstriden hâlden. Ek kaam de sjuery del om de stands te beoardieljen. Neffens de learlingen makken se in goede yndruk op de sjuery.
By de robotwedstrid moasten se yn trije pogingen fan elk 2,5 minuten besykje in sa heech mooglike skoare del te setten. De earste ronde gie wat minder as pland, trochdat de ljochten op de tafel net goed ôfsteld wienen. De twadde gie goed en joech de heechste skoare en de tredde gie as pland.
De learlingen binne snein nei Amearika gien foar it spektakel. Mei 108 oare teams út 80 lannen stride se mei in spesjale lego-robot foar de wrâldtitel. De learlingen ha mei tolve grutte sponsors it projekt yn gong set. It is foar it earst dat in Frysk team yn de finale stiet yn Amearika.