ONS sneu ûnderút tsjin HHC

ONS Boso Snits ferlear sneon thús sneu mei 2-1 fan HHC út Hardenberg. De winnende treffer kaam yn de lêste minút troch in eigen doelpunt fan Angelo Zimmerman. ONS kaam yn de 25ste minút op foarsprong troch in doelpunt fan Jacob Noordmans. Mar al yn de 31ste minút waard it 1-1 troch in eigen doelpunt fan Chris de Wagt.
De beide ploegen wiene aardich oan elkoar weage, mar ONS brocht yn oanfallend opsicht wat te min.