Drachtster Boys spilet mei 2-2 lyk

30 apr 2016 - 17:11

Drachtster Boys spile sneon op it eigen fjild mei 2-2 gelyk tsjin Genemuiden. Yn de earste helte sette Sicco Bouwer de Drachtsters al nei 30 sekonden op 1-0 foarsprong. De rêststân wie 1-1. Yn twadde helte kaam Drachtster Boys op in 2-1 efterstân, mar yn blessueretiid makke Jan Stoker dochs noch de lykmakker.

De útslach docht der foar de Drachtsters net mear ta. Sy binne al degradearre.

Trefwurden: 
Drachtster Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)