Stipers kinne by wurk fan KNRM sjen op iepen dei

30 apr 2016 - 16:06

De KNRM hie sneon iepen dei. Publyk koe yn de kunde komme mei it wurk, de frijwilligers en it materieel fan de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij. Yn Fryslân sitte der stasjons yn ûnder oare Lauwerseach, Harns, Hylpen en De Lemmer.

De rêdingmaatskippij draait folslein op jeften fan stipers. De frijwilligers woenen mei dizze dei har stipers betankje en mooglik nije jildsjitters binnenhelje.

Guon fan de frijwilligers wienen goed in wike lyn yn Grikelân om te helpen. Der wienen in soad krityske fragen oer. Sy wiene benaud dat har jild no nei Grikelân gean soe. Mar dy noed is neffens de KNRM ûnterjochte. It is net de bedoeling dat de KNRM yn Grikelân bliuwt.

Yn Buro de Vries op snein fertelle Ed Huisman en Jentsje van der Molen mear oer har besite doe't se yn Grikelân wienen om te sjen hoe't it rêdingswurk dêr om en ta giet.

Trefwurden: 
KNRM iepen dei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)