Bestjoerder rydt frou oan op parkearplak yn Kollum
Op de Mr Andreaestrjitte yn Kollum is sneontemoarn in frou oanriden troch in bestjoerder dy't mei syn auto achterút ried op in parkearplak by in supermerk. Nei alle gedachten hat de bestjoerder de frou oer de holle sjoen. De sjauffeur is útnaaid, mar de plysje sil de persoan opsykje.