Stichting hopet dat plan mega-hynder op Ofslútdyk trochgiet

De Stichting Het Friese Paard is fernuvere, mar bliid dat der 13 miljoen euro beskikber steld is foar keunst op de Ofslútdyk. Foar dat jild mei keunstner Daan Roosegaarde de Ofslútdyk oantrekliker meitsje. Dat der sa'n soad jild foar keunst beskikber is, jout de stichting hope dat har mega-hynder fan 30 meter heech ek útfierd wurde kin.
Cees Roozemond, foarsitter fan de stichting, hat kommende wike in petear mei Roosegaarde om te sjen oft sy oanslute kinne. Ek de petearen mei de provinsje binne noch geande.
It projekt sil sa'n 2,5 miljoen euro kostje, mar der wurdt besocht de kosten safolle mooglik te drukken.