Fryske koks witte wat se siede moatte foar Bocuse d'Or

30 apr 2016 - 15:08

It wedstriidskema fan de itensiederswedstriid Bocuse d'Or is bekend makke. It Nederlânske team sil op 11 maaie itensiede. Se meitsje steur, steurkaviaar en hartekeal klear. It team bestiet út Sander Verhaaf en Friezen Jan Smink en Lars Aukema.

By de Europeeske finale stride 20 lanneteams oer twa dagen. Neist de ferplichte haadyngrediïnten binne der ekstra easken, sa moat it fiskgerjocht foar de helte út griente bestean. De griente moatte de teams sels garje op in merk op de wedstriidlokaasje. Wat dêr te krijen is, is yn it foar net bekend.

It fleisgerjocht moat út ien stik bestean en twa griente-, fruit- of jirpelgarnitueren ha.

Olympyske Spelen

De Bocuse d'Or wurdt ek wol de Olympyske Spelen foar koks neamd. De sjuery beoardielet fansels op smaak, mar ek op orizjinaliteit en respekt foar it produkt. Ek de kultuer fan it lân fan komôf fan de teams moat sichtber wurde.

As tarieding traine sjefkok Jan Smink en kok Sander Verhaaf elke moandei. Neist de smaak is dan ek de klok fan belang. As Nederlân him pleatst by de earste alve, dan meie se meidwaan oan de wrâldfinale yn jannewaris 2017 yn it Frânske Lyon.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)