Lorentzslûs ticht foar skippen troch botsing mei floeddoar

30 apr 2016 - 14:01

De Lorentzslûs yn de Ofslútdyk is sneontemiddei swier skansearre rekke troch in oanfarring. In fiskkotter út Urk is tsjin de floeddoar fan de slûs oanfearn. De slûs wie krekt folslein renovearre en freedtejûn foar it earst yn seis wiken wer yn bedriuw. De grutte slûs is troch de oanfarring ticht. Skippen langer as 67 meter moatte fia de Stevinsslûzen by Den Oever fan it Waad nei de Iselmar en oarsom. De lytse slûs is wol iepen.

De oanfarring is sa earnstich dat de doar ferfongen wurde moat. Rykswettersteat hat in reservedoar, mar foardat dy pleatst wurdt, moat earst ûndersocht wurde oft der ek skea is oan bygelyks de elektroanika. De slûs is op syn betiidst moandei of tiisdei wer yn gebrûk. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)