Wettersportseizoen offisjeel iepene yn Heech

Yn Heech is sneon de offisjele iepening fan it wettersportseizoen. De wettersportferiening Heech en de Stichting Friese Tjottervloot iepenje ek nochris harren nije wettersportsintrum. Dat bart mei in tocht fan it sintrum nei it wettersportsintrum, dat oan de râne fan de Hegemer Mar boud is. Boppedat is ek de passantehaven fan de Stichting Wettersport Heech útwreide.
Klaas Smit fan de Stichting Friese Tjottervloot is wiis mei it nije wettersportsintrum dat lang om let iepene wurdt. "De tariedingen binne behoarlik lang west. Dat is net oars ast sa'n grut sintrum bouwe wolst. Uteinlik ha we in jier lang oan it bouwen west. En ik tink hast dat der wol 10.000 oeren oan frijwilligerswurk yn sit. Want oars koe it sintrum net iens makke wurde''.
Wettersportferiening Heech en de Stichting Friese Tjottervloot sille tegearre gebrûk meitsje fan it sintrum.