Auto botst tsjin beam by Griene Stjer yn Ljouwert

30 apr 2016 - 07:41

By in ûngelok by de Griene Stjer yn Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon trije minsken ferwûne rekke. In 25-jierrige automobilist wie troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam botst. De brânwacht moast de bestjoerder en de twa oare ynsittenden, in man út Veendam en in frou út Ljouwert, út de auto befrije. 

De trije binne mei ûnbekend letsel mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De bestjoerder fan de auto is troch de plysje oanhâlden en meinaam nei it buro. De plysje docht ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)