Omrop-sjoernalist fertelt kollega's BBC en NBC oer MoJo

Ferslachjouwer Wytse Vellinga fan Omrop Fryslân is freed en sneon yn it Ierske Dublin om op in ynternasjonale konferinsje te praten oer de takomst fan de sjoernalistyk. Vellinga fertelt kollega's fan grutte nijsorganisaasjes as BBC, NBC en Washington Post oer syn MoJo-wurksumheden.
"MoJo stiet foar Mobile Journalism. Dat hâldt yn dat ik allinnich myn mobyl brûk foar alle ynterviews dy't ik foar radio, telefyzje of ynternet meitsje." Der binne mar sa'n 20 sjoernalisten yn de hiele wrâld dy't fulltime op dizze wize sjoernalistyk bedriuwe.
"Sjoernalisten út de hiele wrâld mei ik fertelle hoe't ik dat by Omrop Fryslân doch. MoJo hat in twatal foardielen, leit Vellinga út: "Ik krij myn ynterviews folle flotter op ynternet. Dêrneist kin ik ek tichter by de minsken komme, om't ik har net oerfal mei in grutte kamera. Dêrtroch kinne je folle yntimere reportaazjes meitsje."
De konferinsje rjochtet him dêrneist ek op Virtual Reality-sjoernalistyk, 360-graden fideo, drones en online-storytelling.