Unôfhinklik ûndersyk nei belangeferfrisseling Alliade

Soarchgroep Alliade © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Der komt dochs in ûnôfhinklik ûndersyk nei belangeferfrisseling by soarchorganisaasje Alliade. Dat meldt Alliade op de eigen webside. De twa direkteuren fan Alliade soene foar miljoenen euro's oan opdrachten jûn ha oan bedriuwen dêr't se sels ek eigener fan binne.
Alliade hie earder al in eigen ûndersyk nei mooglike misstannen oankundige, mar hat dat foarnimmen no ynlutsen. It ûndersyk wurdt útfierd troch de Ynspeksje fan de Sûnensoarch. De resultaten dêrfan moatte foar de simmer bekend wêze.