Partijen ha noed oer projekten

25 apr 2012 - 16:43

De partijen yn provinsjale steaten meitsje har grutte soargen oer ferskate Fryske projekten dy't troch de fal fan it kabinet faai steane. It giet om it nije Thialf, de weryndieling en de fernijing fan de Ofslútdyk. Neffens de steaten moat de kommende tiid út Fryslân wei ekstra lobbyd wurde yn Den Haag. Dat moatte de deputearren dwaan, mar ek elke partij by de eigen fraksje yn de Twadde Keamer. Foar de measte fraksjes is der noch in soad úndúdlik oer wat troch de fal fan it kabinet wol en net trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)