Fries fertocht fan mishanneling fan bussjauffeur yn Assen

29 apr 2016 - 19:56

De plysje hat tongersdei in 23-jierrige man út de gemeente Weststellingwerf oanholden yn Assen. Hy wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in bussjauffeur. Dy stie mei syn bus op it Stasjonsplein te wachtsjen, doe't trije manlju mei in soad leven syn bus ynrûnen.

Doe't de bussjauffeur de manlju frege om de bus te ferlitten, lutsen sy oan de rutewiskers. Hy kaam doe nei bûten en de Fries joech him in klap, wêrnei't de sjauffeur fûl. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De trije manlju koenen letter oanholden wurde.

De plysje hat proses ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)