Van den Berg wit noch altyd neat oer ferlinging kontrakt

29 apr 2016 - 21:05

"Ik had wel verwacht dat ze nu wel eens met een aanbieding zouden komen." Dat seit Joey van den Berg. De Hearrenfeanspiler is teloarsteld oer it feit dat Hearrenfean him noch altyd net witte litten hat oft sy mei him fierder wolle. Van den Berg: "De kans wordt nu wel steeds kleiner, haha." Hearrenfean hat Van den Berg yn febrewaris al witte litten dat de opsje om syn kontrakt te ferlingen net brûke, mar dat it in formele kwesje is.

Van den Berg hat twa wiken lyn in petear hân mei de nije coach fan Hearrenfean Jurgen Streppel. "En dat was ook echt serieus een goed gesprek. Ik sluit ook niet uit dat ik nog bij Heerenveen blijf, maar ik heb gewoon nog niks gehoord. Dat is blijkbaar de gang van zaken hier." Van den Berg slút net út dat hy in oar aventoer oangiet. "Ik verwacht wel binnen nu en drie weken dat ik weet waar ik speel."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)