St. Juste komt werom yn de basis by SC Hearrenfean

29 apr 2016 - 18:51

Sportklup Hearrenfean kin snein yn de derby tsjin FC Grins wer beskikke oer Jeremiah St. Juste. De ferdigener is wer better fan in blessuere oan syn ankel. Foppe hat fierder in folslein fitte seleksje.

Luciano Slagveer hat dizze wike in operaasje hân oan syn mûle, mar De Haan ferwachtet wol dat hy der snein by is. It wurdt foar de Hearrenfeancoach de lêste wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion.

Opstelling: Mulder, Marzo, Otigba, Van Aken, Bijker, St. Juste, Van den Boomen, Van den Berg, Zeneli, Te Vrede en Larsson.

Nei de wedstriid sil Hearrenfean ôfkie nimme fan Foppe de Haan. Ek Pele van Anholt sil útswaaid wurde. Miskien is Alfred Finnbogason ek oanwêzich en hy sil dan in ôfskied krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)