Zienn helpt dakleaze jongeren

25 apr 2012 - 16:35

Opfangorganisaasje Zienn begjint yn juny yn Snits mei it projekt Take Off. Zienn hat al in hûs dêr't trije dakleazen in jier wenje kinne ûnder begelieding. Se leare hoe't se foar harsels soargje kinne. Zienn siket in twadde hûs. Take Off is in lanlik projekt dat dakleazen helpt. Mei 60 prosint fan de jongeren komt it wer goed. Om foar Take Off yn de beneaming te kommen, moatte de dakleazen wurk ha of op skoalle sitte. Se moatte sels de hier betelje. De soarch komt foar rekken foar Zienn.

Trefwurden: 
Zienn Take Off
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)