Cambuur hopet op stunt tsjin PSV

SC Cambuur hopet op in stunt yn de útwedstriid snein tsjin PSV. De Ljouwerters helje alle klisjees út de kast om dúdlik te meitsjen dat der yn de sport in protte mooglik is en dat de wedstriid tsjin PSV gjin formaliteit is. PSV is yn de eagen fan Cambuur trainers en -spilers de lêste kâns om streekrjochte degradaasje noch te ûntrinnen. PSV stridet mei Ajax noch om de lânstitel en hat ten opsichte fan de Amsterdammers in minder doelsaldo. De ferwachting is dat PSV dêr oan wurkje wol yn de wedstriid tsjin Cambuur.
Neffens Cambuur trainer Marcel Keizer hawwe de Ljouwerters "een plan om PSV te bestrijden". Wat dat plan is, woe Keizer net kwyt. Ek oer de opstelling docht Keizer, lykas as altyd, gjin meidielings.