Saak Ljouwerter drugssmokkelers yn septimber behannele

29 apr 2016 - 13:49

De saak fan de broer en sus Robin en Kelly út Ljouwert dy't ronsele binne foar drugssmokkel, wurdt op 5 septimber behannele troch de rjochtbank. Dat is freed sein by in net-ynhâldlike behanneling fan de saak yn Grins.

De twa binne yn oktober 2012 yn Ekwador oppakt. Se sitte fêst yn ien fan de swierste finzenissen fan Ekwador. Twa manlju út Ljouwert fan 33 en 41 jier soene har oanset ha ta de drugssmokkel. It giet om kokaïne en heroïne.

Kelly krige bern yn finzenis

De 41-jierrige Ljouwerter is lêsten frijlitten fanwegen persoanlike omstannichheden. De jongste fertochte sit noch fêst. Yn de saak moatte noch in pear tsjûgen heard wurde. Ek wol de ferdigening noch nei ferhoaren harkje dy't earder opnaam binne. Beide winsken hat de rjochter ynwillige.

Kelly bliek by har arrestaasje yn Ekwador yn ferwachting te wêzen. Sy is yn de finzenis yn Ekwador befallen fan in soan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)