"Iepeningstiiden brêgen ôfstimme op winsken wettersporters"

29 apr 2016 - 13:22

De brêgen yn de gemeenten Ferwerderadiel en Dongeradiel wurde fan snein ôf faker betsjinne. It giet om de brêgen yn de steande mêstrûte yn de Dokkumer Ie, it trajekt Dokkumer Nijesilen oant Ljouwert.

It skoft tusken 16:15 en 17:15 oere ferdwynt. It giet om in proef foar dit wettersportseizoen. Foardiel hjirfan is dat wettersporters dy't middeis út Ljouwert ôfsette, tiid genôch hawwe om yn ien kear troch te farren nei Dokkumer Nijesilen. Dat seit Lourens Touwen, direkteur fan rekreaasjeskip Marrekrite.

Winsken wettersporters

It is de bedoeling dat der by de betsjinning fan brêgen yn de hiele provinsje mear rekken holden wurdt mei de winsken fan de wettersporters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)