Measte jeugdsoarch yn Noard-Nederlân

© ANP XTRA
Yn it noarden fan Nederlân wurdt prosintueel sjoen it measte gebrûk makke fan jeugdsoarch. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it CBS. Benammen yn Grinslân hawwe yn 2015 in soad jongeren te krijen hân mei jeugdsoarch. Yn guon gemeenten leit dit oantal sels op 16% fan de jongeren. Yn Fryslân binne de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân, Achtkarspelen en It Hearrenfean de útsjitters. Yn dizze gemeenten hawwe 12 oant 14% fan de jongeren te krijen mei jeugdhelp.
Lanlik
Dit leit heger as it lanlik gemiddelde, dêr't ien op de tsien jongeren gebrûk makket fan in foarm fan jeugdsoarch. Lanlik sjoen hawwe yn 2015 356.000 jongeren in foarm fan jeugdsoarch krigen. Dat is tsien prosint fan it totale oantal jongeren. Mei de ynfiering fan de Jeugdwet yn 2015 binne gemeenten ferantwurdlik foar de jeugdhelp. Dizze help kin bygelyks bestean út it begelieden of behanneljen fan jongeren mei psychyske problemen, in ferstanlike beheining of gedrachsproblemen.
Opfallend is dat der yn 2015 folle mear jonges as famkes jeugdhelp krigen. Yn totaal krigen 210.000 jonges help fan de ynstânsjes, wylst dat oantal by de famkes op 146.000 leit. Dat is ien op de acht jonges, of ien op de alve famkes. Benammen yn de leeftiidskategory 4 oant 12 jier binne jonges oerfertsjinwurdige.