Kurator Sisa: Minder jildpine nei oername

29 apr 2016 - 11:38

De kâns dat der opnij grutte finansjele problemen ûntstean by lokaasjes fan de eardere berne-opfangorganisaasje Sisa, is nei de oername in stik lytser. Dat komt ûnder oaren omdat de hier fan al leechsteande gebouwen no maklik opsein wurde kin. Ek kinne ûnrendabele lokaasjes maklik sletten wurde. Dat seit kurator Strums fan it fallite Sisa.

KidsFirst COP Groep

Tongersdei waard bekend dat in grut diel fan de 70 lokaasjes oernaam wurde troch it Grinslanner Kids First. Der wiene ek oare gadingmakkers, mar Sturms seit dat Kids First it bêste plan hie om safolle mooglik lokaasjes en personiel oer te nimmen. Der wurken 250 betelle krêften en nochris 140 frijwilligers en stazjêrs by Sisa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)